US KEARNWEARDEN
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing eli.
RAPPORTEN EN STUDZJES
Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing eli.
Wolkom op de webside fan ús tinktenk oer bestjoerlike autonomy foar Fryslân. Wy wolle mei-inoar neitinke oer de fraach hoe’t Fryslân mear eigen de regy krije kin oer saken as ekonomy, taal, feilichheid, enerzjy, identiteit, soarch en iepenbier bestjoer. Autonomy is foar ús gjin fêst begryp, mar in ûnderwerp mei in soad mooglikheden. Krekt dêrom wolle wy gjin definysje jaan, mar minsken útnûgje om sels mei ideeën te kommen.
It hjoeddeistige bestjoerlike systeem is oan nije ympulsen ta. In protte minsken ûnderfine ôfstân tusken boarger en bestjoer. Wy leauwe dat dy ûntefredenenheid ek in kâns wêze kin. No is de tiid om nei te tinken oer in iepenbier bestjoer nei de Fryske aard en skaal.
Wy binne gjin politike partij en skriuwe gjin oplossingen foar. Wy sette útgongspunten del, ús kearnwearden, en hoopje dat dy in basis foarmje foar diskusje en mienskiplike ynspanning.
Meitinke, meiprate en meidwaan; dat is wat wy sykje. Want allinnich as it ûnderwerp ûnder de Friezen libbet, kin autonomy echt op ’e aginda komme.